BRANDT EN BOEREKOAL…
Mei al dy lekkere griente op ‘e folkstún oan ‘e Singel is it in waar paradys foar hazzen. Hâld se dêrom bûten de doar! By’t winter meitsje…

BRANDT EN BOEREKOAL…
Mei al dy lekkere griente op ‘e folkstún oan ‘e Singel is it in waar paradys foar hazzen. Hâld se dêrom bûten de doar! By’t winter meitsje se meastentiids gading nei de prachtige bosken boerekoal. En jou se ris ûngelyk! Sa troch de jierren hinne is der altyd wol in hazze binnendoarren. Dêrom nimt elkenien syn maatregels. Sa hat Piter no in net oer syn boerekoal. “Doe’t ik dêr sa mei oan it ompielen wie,” fertelde hy, “seach ik op in bepaald momint even achterom en dêr siet in hazze, mar in pear meter fierder, my bretaalwei op ‘e hannen te sjen, as woe er sizze: ‘Wat fretsto dêr no út by myn boerekoal.” It die my tinken oan de hazzejacht fan eartiids troch Brandt en syn maten.
By dy klopjacht op in saterdeimoarn soe it heve: mei acht man soene se dy slûchslimme hazze wolris mores leare. Ier en betiid stiene se al yn ‘e klompen. Se wiene sa wekker as in hazze en seagen it hear ris oer. De dize hong noch oer it fjild en se soene ús maat earst noch fine moatte.
‘’Mar even rigelje mannen,’’ rôp Brandt doe, ‘’wy moatte him yn in hoeke driuwe.” En dêr knoffele it koar hinne, dwers troch al it grien. Brandt fandele in âld-amer by in bult wei en mei in grouwe kneppel raamde hy der op los. Hy makke in leven as in oardiel.
Bouke wie hielendal oeremis doe’t er by de komposthoop ‘broeder haas’ yn ‘e rekken krige: ‘’No bist de sigaar, lytse flarde. Do sitst al moai yn ‘e hoeke, dat wy driuwe dy sa de tún út.” De hikke stie al iepen en Brandt sloech as in wyldeman op syn ‘tromme’. ‘’Dat is al gau beslikke,’’ sei Piter tefreden, mar hy hie it noch net sein of de snoade hazze glûpte nei in pear skynbewegingen troch de rigele.
Op ‘en nij setten de acht man út ein om de hazze in pyk te setten, mar dy boarte dermei. Elke kear as se tochten dat se him mei folle bombaarje yn ‘e skjirre hienen, sigesage er as de wjerljocht troch de rigele. De lêste kear strûpte hy Piter suver tusken de skonken troch; in pear meter fierder seach er even om. Hy gie op syn efterste sitten, de foarpoaten oerinoar hinne: slyp út!
De mannen hiene nei in pear oeren it swit op ‘e kop en joegen belies. Se wiene aardich betommele en Brandt keilde syn amer en kneppel oer de weareld: ‘’Ik gean om kofje, jim kinne om my de hik krije mei jimme hazze!’’
Alle acht setten se ôf, sûnder praatsjes. Nûmer njoggen siet nei alle trelit oan syn moarnsbrochje: krekt, de boerekoal fan Piter.
© Gerrit Damsma — 13 oktober 2021
메타데이터
- post_id
- 28823c1e2f0d
- slug
- brandt-en-boerekoal-28823c1e2f0d
- url
- https://medium.com/@gerritdamsma/brandt-en-boerekoal-28823c1e2f0d
- canonical_url
- https://medium.com/@gerritdamsma/brandt-en-boerekoal-28823c1e2f0d
- author_url
- https://medium.com/@gerritdamsma
- status
- ok
- fetched_at
- 2026-07-27 22:06:32