Sa demokratysk en evenredich as mooglik?
Wat der barre sil mei it kiesstelsel — en wêrom’t Fryslân oplette moat
Sa demokratysk en evenredich as mooglik
Wat der mooglik barre sil mei it kiesstelsel — en wêrom’t Fryslân oplette moat
Yn de polityk is der tanimmende wil om feroarings yn it kiesstelsel troch te fieren. De ynstek liket moai: mear evenredige fertsjintwurdiging út alle regio’s, nei foarbyld fan de Skandinavyske lannen. Mar sa’t faker bart: de details dogge der ta. Krekt dy details kinne derfoar soargje dat Fryslân ynfloed ferliest, ynstee fan wint.
Fryske fertsjintwurdiging yn De Haach
Op dit stuit hawwe seis Friezen in sit yn de Twadde Keamer. Dêrnjonken is der ien Fryske minister. Mar fan dy seis Keamerleden hat allinnich Habtamu de Hoop in eigen mandaat troch foarkarsstimmen. De oaren kamen binnen fia de lanlike listfolchoarder. In regionale oanpak kin hjir feroaring yn bringe: mear kandidaten mei in dúdlik mandaat, dy’t frijer, kritysker en sûnder lêst optrede kinne.
Hokfoar plannen lizze der oant no ta?
It foarstel fan kabinet Schoof (2024–2025) seachen der op it earste each aardich út: 125 regionale mandaten, en 25 saneamde “vereffeningszetels” (lykmakkermandaten). Dy lêsten moatte de partijpolitieke skeefgroei dy’t troch de regionalisearring ûntstiet korrizjearje. Mar hjir komt de krúsjale kwestje: dy 25 wurde ôflutsen fan it oantal beskikbere regionale mandaten. Dat betsjut dus minder romte foar de regio’s, net mear.
Presintaasje fan politikologen Simon Otjes en Henk van der Kolk.
Mandaten foar Fryslân: minder as no?
De ferdieling fan de mandaten wurdt basearre op ynwennertal. Fryslân kriget dan mar 4 fêststelde mandaten, wylst dit evenredich sjoen 5,51 wêze kin. Dy 5,51 is no noch krekt genôch foar 6, mar dat oantal stiet ûnder druk. As oare provinsjes hurder groeie, wurdt it wikkerdewik en sakket Fryslân ûnder de 5,5. Dan sil it rillegau útkomme op 5 mandaten.

Opkomst as basis foar distriktsgrutte?
Dy fjouwer mandaten foar Fryslân lykje in minimum. Mear is mooglik, mar wis is dat net. Is der ek in better systeem mooglik foar Fryslân? Dat soe in systeem wêze dat net nei ynwennertal sjocht, mar nei opkomst. Dêr stiet Fryslân sterk: ús hege opkomst soe yn 2023 soarge ha foar 6,03 mandaten.
“Is in regioferdieling basearre op ynwennertal demokrasy of in demografyske boekhâlding?”
👉 In akseptabel kompromis soe wêze kinne: kombinearje ynwennertal én opkomst, lykas se yn Denemarken dogge. Dêr rekkenje se beide aspekten lykweardich mei. Ek dan lykje ús 6 mandaten noch in skoft feilich.
En de lykmakkermandaten dan?
Om op ús ‘rjochtmjittige’ 6 mandaten út te kommen, soene der dus 2 fan de 25 lykmakkermandaten nei Fryslân gean moatte. Mar de ferdieling dêrfan bliuwt ûndúdlik. Se wurde neffens it plan basearre op lanlike partijlisten. En de kâns dat Friezen dêr boppe-oan steane is faak net al te grut. It gefolch: Fryske stimmen kinne ferwurde ta mandaten yn oare regio’s. Der is dus noch gjin garânsje foar echte regio-bûne evenredigens.
Skandinavysk lykwicht
Yn Skandinavyske lannen besykje se regio’s wól earlik fertsjintwurdige te krijen. Denemarken en Sweden hawwe systemen ûntwikkele dy’t der foar soargje dat lykmakkermandaten weromfloeie nei de regio’s. Noarwegen pakt it ienfâldiger oan: se wize dêr earst alle mandaten ta oan de regio’s en dêrnei folget de ferfine ferdieling. Dit liket in protte op in útgongspunt dat ek yn Switserlân brûkt wurdt.

In evenredige ferdieling fan sawol direkte distriktsmandaten as yndirekte lykmakkermandaten oer it lân.
Switserske presyzje: dûbeldevenredigens
De Dútske wiskundige Pukelsheim hat in prinsipe ûntwikkele dat ‘dûbeldevenredigens’ hjit. Dat wurdt sûnt 2006 yn hieltyd mear Switserske kantons tapast. Dit brûkt twa dúdlike demokratyske útgongspunten:
- 10% fan de stimmen op in partij = 10% fan de mandaten foar dy partij.
- 10% fan de stimmen út in regio = 10% fan de mandaten nei dy regio.
It risseltaat? In parlemint dat in heldere spegel is fan it lân: sawol ideologysk as geografysk. Wannear’t je dûbeldevenredigens tapasse op it systeem fan lykmakkersmandaten dan kin Fryslân bygelyks 6 mandaten krije: 5 streekrjochte mandaten en 1 lykmakkermandaat dy’t ôfhinklik is fan de lanlike útslach.
💡 By de dûbeldevenredige metoade wurde regio’s gelyk behannele as partijen; mear stimmen betsjut mear represintaasje.

Konklúzje
Hieltyd mear minsken sjogge dat it hjoeddeiske kiesstelsel tekoartsjit. Dat is posityf. Mar oant no ta binne foarstellen noch net dúdlik genôch, beheind demokratysk en perfoarst net garandearre evenredich. Regio’s lykas Fryslân kinne hjir maklik de dupe fan wurde. Wat moatte wy yn ‘e gaten hâlde?
🗳 Distriktsgrutte? It leafst sa demokratysk mooglik, basearre op stimmen. ⚖️ Lykmakkermandaten? Prima, mar allinnich as se dûbeldevenredich ferdield wurde.
“Lit ús net sleau folgje, mar skerpsinnich liede. Eltse regio fertsjinnet in evenredige stim yn de besluten.”
메타데이터
- post_id
- 6c49aef28d16
- slug
- sa-demokratysk-en-evenredich-as-mooglik-6c49aef28d16
- url
- https://medium.com/@grinsgefal/sa-demokratysk-en-evenredich-as-mooglik-6c49aef28d16
- canonical_url
- https://medium.com/@grinsgefal/sa-demokratysk-en-evenredich-as-mooglik-6c49aef28d16
- author_url
- https://medium.com/@grinsgefal
- status
- ok
- fetched_at
- 2026-06-25 16:53:31