Heitelân (le Pays de mon Père en Frison)
Doe’t Nerthus en Njord elkoar leafhiene en Fryslân oansetten foarseagen hja har fan in liif mei sobere steatlike foarmen, mei kâld en…
Heitelân (La Terre de mon Père en Frison)

Paysage néerlandais par Rémy Verneuil
Doe’t Nerthus en Njord elkoar leafhiene en Fryslân oansetten foarseagen hja har fan in liif mei sobere steatlike foarmen, mei kâld en fochtich fleis, mei in strang en edel gesicht yn rjochte linen, fol ynbannichheid en ôfstân. En de greiden waarden omseame mei elzen en esken.
Dêrnei groeiden ús Fryske Ask en Embla frijheidsleavjend op, besykjend it himelferwulft te tippen mei har hollen en om dêr har op sinne lykjende hierbosken te pleatsen. Hja sprongen fan de iene kym nei de oare, lykas op in hinkelhok, wylst it trochloftige firmamint him folde mei yllústere wolken.
Do witst, husken minske en lân bestiet in djip en ynlik ferbân. Do witst, yn myn hert en yn myn died draach ik myn heitelân
Harren lân bestie út feangrûn, sompen en eilannen oerlevere oan in see fan ûnbedimber temperamint, jimmer ûnkontrolearber, soms optwingerich. Safolle djipte, safolle bewogenheid om te bedimjen, Safolle dat der diken, wâlen en útdagingen út opdûkten.
Tusken de feroarjende grize bergen dy’t de wolken foarmje, trochsettende, wilskrêftiche, net wurch te krijen reizger, wrot it ljocht him in wei, hoe diffús it ek wêze mei, sykjend troch terpen en weinspoaren, in unike blik. It sjocht de Fries dy’t eigensinnich fierder trêdet
Do witst, husken minske en lân bestiet in djip en ynlik ferbân. Do witst, yn myn hert en yn myn died draach ik myn heitelân
Mirthe & Rémy Verneuil © Traduction de Mirthe © Texte traduit d’après La Terre de mon Père, en français. Texte mis en musique par Mirthe & Rémy Verneuil 2025.
메타데이터
- post_id
- ac503f8baa4e
- slug
- heitelân-le-pays-de-mon-père-en-frison-ac503f8baa4e
- url
- https://medium.com/@remyverneuil/heitel%C3%A2n-le-pays-de-mon-p%C3%A8re-en-frison-ac503f8baa4e
- canonical_url
- https://medium.com/@remyverneuil/heitel%C3%A2n-le-pays-de-mon-p%C3%A8re-en-frison-ac503f8baa4e
- author_url
- https://medium.com/@remyverneuil
- status
- ok
- fetched_at
- 2026-07-20 15:41:31