De Fryske oanpak: fjouwer knoppen foar in nije bestjoerskultuer
Yn Den Haach wurdt gauris praat oer de needsaak fan in “nije bestjoerskultuer”, mar yn de praktyk bliuwt it faak by moaie wurden sûnder…
De Fryske oanpak: trije knoppen foar in nije bestjoerskultuer
Yn Den Haach wurdt gauris praat oer de needsaak fan in “nije bestjoerskultuer”, mar yn de praktyk bliuwt it faak by moaie wurden sûnder strukturele feroaring. Wat betsjut sa’n kultuer eins, en oan hokfoar konkrete knoppen kinne wy draaie om dêr sels in bydrage oan te leverjen?
Yn dit artikel doch ik fjouwer foarstellen foar feroaring, net út namme fan in organisaasje, mar fanút myn persoanlike besinning op de hjoeddeiske nasjonale polityk. Dit perspektyf komt út Fryslân, in regio dy’t as minderheid mar al te goed wit hoe’t it fielt om bûten de sintrale macht te stean. En júst dêrom kin dit Fryske perspektyf fan mearwearde wêze yn it Haachske debat: troch te mikken op mear ynklúzje, ferantwurding en fertsjintwurdiging fan ûnderop.
De fjouwer yntervinsjes hjirûnder besykje ‘de Fryske oanpak’ fierder stal te jaan. It binne konkrete yngongen foar in polityk dy’t net allinnich better wurket, mar ek better fielt: earliker, stabiler en mear yn ‘e pas rint mei in ferskaat oan mieningen.

Deputearre Sijbe Knol oer ‘de Fryske oanpak’ op it FNP kongrestival yn 2025.
1 — De ferkiezings: federatyf
In federative draai oan it foarstel ‘mei 1 stim mear kar’ Regionalisearring fan it kiesstelsel is mei de fal fan it Kabinet Schoof op de planke telâne kaam. **Underwilens liket it foarstel ‘met één stem meer keus’ wol de einstreep te heljen om’t (ûnder oare) de Kiesraad dit stipet.** Dit stelsel (ek wol bekend as it boargerfoarum-kiesstelsel) fersterket de foarkarsstim troch in liststim ta te foegjen. Hjirtroch wurdt de kâns dat in kandidaat de listfolchoarder trochbrekt grutter.
Evenredige regionale fertsjintwurdiging sil hjir lykwols net mei holpen wêze omdat der yn ferhâlding noch altyd regio’s bliuwe sille dy’t te folle Keamerleden leverje en regio’s dy’t dêr de dupe fan wurde. Friezen sille yn ‘e regel noch altyd op plak 10 of 20 te stean komme. Boppedat giet it stelsel ‘mei 1 stim mear kar’ noch fierder: it wol regionaal ferskaat kwa kieslisten ôfskaffe en allinnich noch mar lanlike kieslisten tastean.
Ik stel dêrom in federale twist foar: jou provinsjes — by mearderheidsbeslút fan de oanbelangjende Steaten — de mooglikheid om yn harren kieskring(en) inkeld eigen kieslisten te brûken. Dit is dus perfoarst gjin feroaring fan it kiesstelsel, it giet inkeld om wa’t der op it stimbiljet komt te stean.

Sa soe in stimbiljet der út sjen kinne: je kinne dan kieze tusken in partij of in kandidaat.
Dizze kar is in útruil: kiest in regio foar eigen kieslisten, dan is it garandearre dat dizze regio evenredich fertsjintwurdige is, mar kinne harren ynwenners net mear op kandidaten stimme dy’t op de lanlike list stean. Fansels bliuwt in stim op de partij (fia de nije liststim) wol gewoan mooglik.
By in kar foar eigen kieslisten, jilde de folgjende prinsipes:
- 📍 Unike posysje: Kandidaten kinne òf op in regionale òf op in lanlike list stean — net op beide.
- ⚖️ Evenredige ferdieling: Elke kieskring kriget mandaten neffens it stimoandiel yn de lanlike útkomst (bygelyks 10% fan de stimmen = 10% fan de sitten).
- 📏 Beheinde listlingte: Per partij is de kieslist maksimaal 150% fan it te ferwachten mandaten (bygelyks 10 mandaten = 15 kandidaten).
- 🧭 Lanlike (partij)útkomst is liedend: De lanlike ferdieling fan stimmen bliuwt bepalend; regionale evenredigens is ûnderhearrich oan it lanlik totaal.
🌱 Dit makket fan ûnderop (sûnder twang) in regionalisearring fan it kiesstelsel mooglik. It is dan dus gjin Haagsk beslút fan boppen-ôf, mar in ôfwoegen beslút fan in regio sels. Fryslân, as polityk selsbewuste regio, soe hjir fansels as earste gebrûk fan meitsje kinne wannear’t dêr genôch stipe foar blykt te wêzen.

Op basis fan stimgewicht soe dit de proporsjoniele ferdieling fan mandaten oer de provinsjes wêze.
Mocht it sa wêze dat De Haach fêsthâlde wol oan de lanlike kieslisten, dan is der noch in alternatyf mooglik: in **dûbeldevenredige sitferdieling**. Dat is in dûbele ferdielkaai dy’t derfoar soarget dat sawol eltse partij as eltse regio har evenredige oanpart oan mandaten tawezen kriget. Hjirby jildt sawol foar partijen as foar regio’s: 10% fan de stimmen is 10% fan de mandaten.
2 — It Parlemint: gearwurking
Fraksjedrompel ynstee fan kiesdrompel
It debat oer **politike fersnipeling** liedt gauris ta in rop om in hegere kiesdrompel. Mar dat betsjut yn de praktyk dat stimmen op lytsere partijen ferlern geane, en partijen útsletten wurde. Boppedat kin wurdt de kâns dan grutter dat der parlemintêre mearderheden ûntsteane dy’t in minderheid fan de stimmen fertsjintwurdigje. Der binne in soad neidielen dus.
Wolle wy regionale represintaasje feilich stelle, dan moatte lytsere partijen de behoefte om in kiesdrompel fuortnimme. Sy dogge der dêrom goed oan om mei in better alternatyf te kommen. In geskikte kandidaat is yn dat ramt in **fraksjedrompel**: eltse partij dy’t de kiesdieler (de hjoeddeiske kiesdrompel fan 0,67%) hellet kin noch altyd yn de Keamer komme, mar allinnich fraksjes dy’t de hegere fraksjedrompel helje, krije bepaalde ekstra rjochten, lykas mear sprektiid yn debatten of ynfloed fia kommisjes.

Wa wit dat it Europeesk Parlemint út mear as 200 partijen bestiet? Wat wy sjogge is de 8 fraksjes/groepen.
It Europeeske Parlemint past dit al jierren ta: allinnich partijen dy’t in fraksje fan **minimaal 3,2% ofwol 23 sitten** foarmje, krije ekstra ynstitúsjonele rjochten. Lytse partijen kinne gewoan meidwaan, mar moatte gearwurkje om in folweardige fraksje te foarmjen. Wy kinne dit systeem ek yn Nederlân yntrodusearje: gjin eksklusive kiesdrompel, mar in ynklusive fraksjedrompel fan bygelyks 3 oant 5 (2–3%) sitten.
“Fansels spilet hjir ek in breder belang: it iepenet de mooglikheid om (yn de takomst) in bredere fraksje te foarmjen mei oare regionalistyske partijen bûten Fryslân.”
🤝 In fraksjedrompel stimulearret gearwurking en smyt de doar net ticht foar nije bewegingen. Sa ûntstiet in adaptive en mearkleurige polityk sûnder de risiko’s dy’t fersnipeling mei him meibringt. Foar in demokrasy lykas Nederlân dat ferskaat wurdearret is dit in mear ferfine en passende oplossing as in hurde kiesdrompel.
Groen, Klaas. “Geen kiesdrempel maar een fractiedrempel.” Friesch Dagblad*, 13 Dec. 2024, Opinie.*
3 — De Formaasje: legitime lieder
Lit eltse partij in lieder oanwize oan it begjin fan de formaasje It is in demokratysk mankemint dat de grutste partij nei de ferkiezings automatysk it inisjatyf krijt by de kabinetsformaasje. Dit is benammen in probleem as dy partij gjin breed draachflak hat en sels tige gefaarlik wannear’t de grutste partij neat op hat mei demokrasy.
Oan de oare kant stean by in formaasje de lytsere partijen sûnder ynfloed oan de kant. Eltsenien seit dat elke stim like folle wurdich is, mar yn ’e praktyk is dat net sa. Stel: twa soartgelike partijen helje mei-inoar 50 sitten, wylst de grutste partij 40 helle hat. De partij mei 40 wurdt dan as ‘winner’ sjoen, om’t de oare trije net as blok rekkene wurde. Dat is it saneamde ‘***spoiler effect***’.

It ‘spoiler effect’ yn ien eachopslach: de minderheid wint wylst de mearderheid mei lege hannen stiet.
Yn Denemarken ha se dêr in oplossing foar fûn: nei de ferkiezings wurdt oan it begjin fan de formaasje oan alle partijen frege: “wa stypje jim as premier?”. Dit soarget derfoar dat eltse partij meitelt (ek bygelyks de sitten fan Faeröer en Grienlân) en makket dat de efterlizzende parlemintêre ferhâldings sichtber wurde. Dit proses makket boppedat dúdlik wa’t de legitime lieder is. Dit bart net op basis fan (eigen) partijgrutte, mar op basis fan bredere stipe.
“…after general elections, all political parties are summoned one by one to the Queen to inform her on their preferred leader for the formation of a new government. After this ‘**dronningerunde’, the Queen appoints the political leader with the broadest backing to begin the consultations. If unsuccessful, more rounds and consultations with party leaders may come into play, until a combination is found that faces no majority against it.” **Lidegaard, Bo (2009); A short history of Denmark in the 20th century.

Yn Denemarken soarget de ‘keninginnerûnte’ derfoar dat net de grutste partij wint, mar it grutste blok.
Wy soene hjir yn Nederlân itselde dwaan kinne. By de lanlike ferkiezings troch de ynformateur en sels yn Fryslân by de provinsjale ferkiezings troch de Kommissaris fan de Kening. Hjir binne net iens wetswizigings foar nedich. Media kinne fierder harren rol spylje troch faker dy iene fraach te stellen: “wa sjogge jim as lieder?”. Net eltse partij kin ommers sels in kânsrike lieder leverje, mar elkenien kin wól dúdlikheid jaan. Dat helpt kiezers, jout lytsere partijen mear ynfloed en docht mear rjocht oan de werklike ferhâldings. In lytse kultuerferoaring dus, mei grutte effekten.
Ekstra — respektearje ferkiezingsdata
Stopje it strategysk fallen fan kabinetten Yn Nederlân falt in kabinet hieltyd faker foartidich. It is no sels sa fier dat kabinetten langer oan it formearjen binne en in demissionjêre status hawwe as dat se echt oan it regearen binne. Kabinetten falle faak net iens om’t der ynhâldlike ferskillen binne, mar út taktyske oerwegingen. Partijen brûke in selsbetochte krisis as opstapke nei in nije kampanje. Dat ûndergravet it fertrouwen yn de polityk en soarget foar konstante ûnrêst.
As de kiezer sprutsen hat, heart dêr ek nei harke te wurden.

De Noaren hawwe it meast stabile politike lânskip fan de Europeeske lannen om’t eardere ferkiezings net forsearre wurde kinne.
Yn Noarwegen dogge se it dêrom oars: **dêr stean de ferkiezingsdata fêst (eltse fjouwer jier) en binne der gjin útsûnderings mooglik**. As in kabinet falt, wurdt der gewoan in nij bestjoer foarme (faak in minderheidskabinet) foar de rest fan de termyn. Gjin nije ferkiezings, gjin nije kampanje, mar gewoan trochbestjoere. It makket dat partijen net langer strategysk in krisis útlokke kinne om der sels better fan te wurden.
Nederlân soe dat prinsipe oernimme kinne. Net mear automatysk nije ferkiezings útskriuwe by in kabinetskrisis, mar earst sjen oft der in nij kabinet foarme wurde kin oant de termyn foarby is. Yn gemeentes, de provinsjes en sels yn Brussel binne se net oars wend. It bringt rêst, stabiliteit en twingt partijen om harren ferantwurdlikens te nimmen. Ek as it efkes tsjinsit.
🏁 Konklúzje — fan ûnderop: foar in ynklusive polityk
Yn in tiid fan oprinnend autoritêr populisme hawwe wy ferlet fan in polityk dy’t ferbining, transparânsje en respekt foar ferskaat sintraal stelt. De Fryske oanpak kin dit biede: anti-autoritêr troch in earliker ferdieling fan macht. Alle fjouwer foarstellen rjochtsje har op itselde doel: in ynklusive polityk dy’t responsiver is en de oerheid tichter by de boarger bringt. Dat tsjinnet net allinnich it belang fan Fryslân, mar ek dat fan Nederlân as gehiel.
Hjirûnder nochris puntsgewiis de fjouwer knoppen dêr’t wy oan draaie kinne:
- 🧭 (1) Regionale ynfloed op kieslisten Jou provinsjes de kar om eigen kandidaten op it stimbiljet te setten, sûnder dat de lanlike proporsjonaliteit skeind wurdt — in foarm fan dûbeldevenredigens dy’t fan ûnderop ûntstean kin.
- ⚖️ (2) Fraksjedrompel yn de Twadde Keamer Foarkom fersnipeling sûnder lytsere partijen út te sluten troch in fraksjedrompel yn te fieren fan 2–3% fan de stimmen — lykas yn it Europeesk Parlemint.
- 👤 (3) Premierkar troch mandaat, net formaat Lit partijen útsprekke oer wa’t harren favorite premier is — lykas yn de Deenske dronningerunde — sa‘t de lieder mei it grutste mandaat, en net de grutste partij, it inisjatyf kriget.
- 🗳️ (*) Fêste ferkiezingsdata, ek by in fal Hâld de fêstlizzende ferkiezingsdata oan ynstee fan fuortendaliks nei de stimbus te gean as in kabinet falt — lykas yn Noarwegen — en foarkom strategysk misbrûk fan krises.
It sinjaal is dúdlik:
- 💪 In bettere polityk begjint net by mear macht by in ‘**dûtsje*’ (in ‘sterke’ lieder), mar júst mei ferbining mei in sterke mienskip.
메타데이터
- post_id
- e50f3d20c0b0
- slug
- de-fryske-oanpak-fjouwer-knoppen-foar-in-nije-bestjoerskultuer-fy-e50f3d20c0b0
- url
- https://medium.com/@grinsgefal/de-fryske-oanpak-fjouwer-knoppen-foar-in-nije-bestjoerskultuer-fy-e50f3d20c0b0
- canonical_url
- https://medium.com/@grinsgefal/de-fryske-oanpak-fjouwer-knoppen-foar-in-nije-bestjoerskultuer-fy-e50f3d20c0b0
- author_url
- https://medium.com/@grinsgefal
- status
- ok
- fetched_at
- 2026-06-25 07:00:49